Karin Zweers toneel

foar 8 persoanen, 5/6 frouwlju & 2/3 manlju. Fryske oersetting: Abele Krist.

Wat dochst ast yn Australië sitst en hearst datst mei twa dagen yn in live televyzje útstjoering in priis fan 20.000 euro krigest? Krekt, dan stapst fuortendaliks yn it earste de bêste fleantúch werom. Mar wat as dyn swager al klear stiet om dyn priis ôf te pakken, dyn eks dyn penthouse oan`t leechheljen is en dyn suster mei moardplannen omrint?
Dizze kriminele komeedzje freget in soad fan spilers om harren yn te libjen, gefoel foar timing en foaral moed. Ferraskje jinsels en jin publyk mei dit meislepende en by tiden apart stik.

5/7 froulju/ 2-4 manlju.  Fryske oersetting: Gurbe Dijkstra.

Wat dogge je at je yn Australië sitte en hearre dat je oer twa dagen in priis fan tweintich tûzen euro útrikt krije? Krekt, dan nimme je it earste it bêste fleantúch werom! Mar wat dogge je at je swager al klear stiet om de priis yn te pikken, dyn eks dyn appartemint sawat leech hellet en dyn suster mei moardplannen omrint? Yn dizze kriminele komeedzje komme jo der achter hoe’t soks giet.

4 of 5 froulju, 3 of 4 manlju. Fryske oersetting: Griet Reitsma-de Jong.

Kees en Marja van Wijngaarden binne in trochsnee pear dy’t tegearre in noflik libben ha. Marja is tige tefreden mei it libben dat se hat, mar Kees wol syn dream ferwêzenlikje: in kemping yn it bûtenlân begjinne. Om alles betelje te kinnen moat harren frijsteande jierren tritich wenning ferkocht wurde. Marja hat it hûs fan har tante Irene urven en hinget der hiel bot oan. Dêrom sjocht sy dy emigraasjeplannen ek hielendal net sitten. Dêr komt by dat se in grut geheim hat. Sy hat nammentlik destiids it hûs net allinnich urven, mar tegearre mei har suster Anouk, dy’t al jierren út byld is en ûntwikkelingswurk yn Afrika docht. Kees hat hjir gjin weet fan.
As dizze suster dan ynienen op ‘e stoepe stiet dan is it dien mei de rêst. In wanhopige Kees siket in manier om fan syn skoansuster ôf te kommen, in stel ynbrekkers hawwe it op harren hûs fersjoen en as wie it noch net moai genôch, der falt lang om let ek noch echt in deade!

5-7 froulju en 2-4 manlju. Fryske oersetting: Gurbe Dijkstra.

Karlijn is mei fakânsje nei Australië en har mem past op de planten en de post. At der in brief komt dêr’t ynstiet dat se tweintich tûzen euro wûn hat slacht har mem alaarm, se moat daliks thúskomme want de priis wurdt oer twa dagen al útrikt en Karlijn moat dy sels yn ûntfangst nimme. Dus nimt Karlijn it earste it bêste fleantúch dat se krije kin. Yntusken wurdt har hûs brûkt troch har suster en har heit, dy’t dêr beide harren aventoerkes beleve, mar se lêze de brief ek. Sy tinke dat Karlijn noait op tiid thús wêze kin en se betinke, los fan elkoar, hiele snoade plannen dy’t allinnich geunstich foar harsels binne. Want de priis moat al yn de famylje bliuwe fansels. En wat giet der op ‘t lêst mei it jild fan troch?

5 of 6 froulju, 3 of 4 manlju. Fryske oersetting: Gurbe Dijkstra.

Kees en Marja Van Wyngaarden hawwe tegearre in rêstich en trochsneed leven. Marja is hiel tefreden mei wat se hat, mar Kees hat oare ideeën. Hy wol in lang koestere dream wiermeitsje, in kamping opsette yn Bulgarije. Dêrfoar moat it hûs ferkocht wurde, want de opbringst moat er brûke om syn dream te realisearjen. Marja hat it hûs urven en se wol der ek net wei. Dêr komt by dat Marja in grut geheim hat, har suster is, as erfgenamt, ek eigener fan it hûs. Dy suster sit al hast tweintich jier yn Afrika, mar stiet ûnferwachts foar de doar. Dan komt der gau in ein oan de rêst yn it hûs fan de Van Wyngaardens.

6/4 froulju en 3/5 hearen. (9 persoanen). Fryske oersetting: Gurbe Dijkstra.

Nijsgjirrichheid nei syn eigen fleis en bloed bringt Arnoud by de spermabank en hy lit syn DNA achter om te sjen oft der ek ergens bern fan him omrinne, yn syn jonge jierren hat er sperma oan de bank levere. De nije buorjonge fan Arnoud, Michiel, heart dat tafallich en hy beslút om him as de soan fan Arnoud foar te dwaan. Op it ein komme heit en soan byelkoar, mar it giet in bytsje oars as dat Arnoud him foarsteld hie. Nochal aardich oars.

 

Alle stukken zijn verkrijgbaar bij toneeluitgeverij Grosfeld.